FOLK EN TSJERKE - NIJS / NIEUWS

NIJS

Fansels wol it bestjoer fan de ‘Friese Kerkhistorische Vereniging Folk&Tsjerke’, jo yn it foarste plak in seinich, mar boppenal ek in sûn 2021 tawinskje, dus folle lok en seine.

Yn it twadde plak wol it bestjoer jo fia dit skriuwen ynformearje oer de tinzen, dy’t der by har libje oangeande dit nije jier. Jo sille begripe kinne, dat ek it bestjoer harren mear as ien kear ôffrege hat, wat te dwaan in de sitewaasje wêryn we mei de hiele befolking van ús wrâld telâne kommen binne. En dit al hielendal, omdat ús ledenbestân foar it grutste part bestiet út minsken, dy’t ta de risikogroep rekkene wurde moatte.

Koartlyn ha wy fia de e-mail hjiroer oerlis hawn. Dêrút kaam nei foaren dat it ús op dit stuit net ferantwurde liket om foar de moanne april in foarjiersgearkomste te hâlden. Mar ek hat de reiskommisje yn oerlis mei har Dútske ‘Gastgeber’ fêststeld, dat in besite oan Noard-Dútsklân better ústeld wurde kin en troch te skowen nei 2022.

Wat ús as bestjoer no oerbliuwt is de hope, dat we yn oktober fan dit jier nochris gear komme kinne foar ús ledengearkomste. Oer it al dan net trochgean hjirfan krije jo berjocht, as jo yn de moanne septimber de troch de publikaasjekommisje sammele publikaasjes – as per e-mail, as per post – tastjoerd krije.


Om te lêzen

Nijsgjirrich lêsmateriaal foar belangstellenden yn de Fryske tsjerkeskiednis:

  - Derk Jansen en Majella Voorhans, Gedeelde idealen. Mannen en vrouwen in de pastorie, Gorredijk 2020;
  - Aag Schravesande, Hilbrandt Boschma (1869-1954), Nederlands-hervormd (proefschrift), digitale uitgave;
  - Teije T. Osinga, ‘Het lokaal. Een bijzonder fenomeen in de geschiedenis van de Nederlandse Hervormde Kerk’ yn: Alde Fryske Tsjerken, 24 (2020).
  - T.E. van Popta, ‘Uiltje Foppes Wiersma - Ûltsje-om (1838 – 1916) – van timmerman tot godsdienstonderwijzer – een singuliere man’, Nijland 2021

 

NIEUWS

Uiteraard wil het bestuur van de ‘Friese Kerkhistorische Vereniging Folk&Tsjerke’ u ten eerste een gezegend, maar vooral ook een gezond 2021 toewensen, ofwel ‘folle lok en seine’.

Ten tweede wil het bestuur via dit schrijven u informeren over de gedachten, die er bij haar leven voor wat betreft dit nieuwe jaar. U zult begrijpen dat ook het bestuur zich voortdurend afvraagt, hoe te handelen in de situatie waarin we met de gehele wereldbevolking terecht zijn gekomen. En dit al helemaal, omdat ons ledenbestand merendeels bestaat uit mensen, die tot de risicogroep gerekend moeten worden.

Onlangs hebben we via de e-mail samen hierover overlegd gevoerd. Daaruit is naar voren gekomen dat het ons op dit moment niet verantwoord lijkt om voor de maand april een voorjaarsbijeenkomst te organiseren. Bovendien heeft de reiscommissie in overleg met haar Duitse ‘Gastgeber’ vastgesteld, dat een bezoek aan Noord-Duitsland beter uitgesteld kan worden en doorgeschoven naar 2022.

Wat ons als bestuur nu rest is de hoop, dat we in oktober van dit jaar alsnog samen kunnen komen voor onze ledenvergadering. Over het al dan niet doorgaan van deze bijeenkomst ontvangt u bericht, wanneer u in de maand september de door de publicatiecommissie verzamelde publicaties – hetzij per mail, hetzij per post – toegestuurd krijgt.


Om te lezen

Nieuwsgierig leesmateriaal voor belangstellenden in de Friese kerkhistorie:

  - Derk Jansen en Majella Voorhans, Gedeelde idealen. Mannen en vrouwen in de pastorie, Gorredijk 2020;
  - Ad Schravesande, Hilbrandt Boschma (1869-1954), Nederlands-hervormd (proefschrift), digitale uitgave;
  - Teije T. Osinga, ‘Het lokaal. Een bijzonder fenomeen in de geschiedenis van de Nederlandse Hervormde Kerk’ in: Alde Fryske Tsjerken, 24 (2020).
  - T.E. van Popta, ‘Uiltje Foppes Wiersma - Ûltsje-om (1838 – 1916) – van timmerman tot godsdienstonderwijzer – een singuliere man’, Nijland 2021.

 


F&T-home