De Friese
Kerkhistorische
Vereniging
is in
organisaasje
dy't him
dwaande
hâldt mei
nijsgjirrige
saken op
it mêd fan
de Fryske
tsjerke(skiednis).
Net
allinnich
it ferline,
mar ek de
tiid fan
no komt
oan 'e
oarder.
Bestjoer
en leden
brûke, al
nei 't it
útkomt,
Frysk of
Hollânsk.
Folk en
Tsjerke
organiseart
elts jier
twa
gearkomsten.
Sprekkers
beljochtsje
dan -
meast yn
in plak
dat bij it
tema past
- in
aspekt fan
de
tsjerkeskiednis
sa breed
as it mar
kin.
Sa hawwe
“Eise
Eisinga,
de
Verlichting
in
Nederland”
en “De
inrichting
van de
middeleeuwse
kerken in
Noord-Nederland
vanaf de
Middeleeuwen
tot heden”
oan ’e
oarder
west. In
oare kear
wie dat
“Anne
Mankes-Zernike,
de eerste
vrouwelijke
predikant
in
Nederland”.
Fierder
binne der
jierliks
twa
iendeiske
ekskurzjes.
De iene
kear is it
reisdoel
earne yn
’e
provinsje,
in oare
kear b.g.
Noard-Hollân
of
Grinslân.
By sokke
reizen
komme
foaral de
binnen- en
bűtenkant
fan
ferskate
tsjerken
oan ’e
oarder,
mar wurde
soms ek
besites
brocht oan
kulturele
ynstellingen
lykas
museums.
Folk en
Tsjerke
lit ien
kear yn it
jier in
tal
losblędige
publikaasjes
ferskine
oer in
grut
ferskaat
oan tema’s.
Sa binne
ferskynd:
H.T.M
Lambooij:
Thomas van
Groningen
en
Sibrandus
Leo op de
grens van
een nieuwe
tijd, Cor
W. Stigter:
Eenzaam
staat ons
huis. Het
kort
verblijf
van
dominee
Jacob
Bolkestein
in
hervormd
Wijnjewoude,
en H.
Oldenhof,
Op ’e
taast in
wrâld yn:
speurtocht
nei Hessel
Douwes. By
de
publikaasjes
heart ek
in
wiidweidige
bibliografy
fan de
Fryske
tsjerkeskiednis
fan it
ôfrűne
jier.
Wat foar
jo?
As jo
ynteresse
hawwe foar
dizze
unike
feriening,
soene jo
ris in
gearkomste
bywenje
kinne.
Data en
plakken
steane yn ien
of mear
fan 'e
streekblêden
en fansels
op dizze
webside.
Jo kinne
ek lid
wurde. It
kostet mar
12,50 euro yn
it jier.
Jo kinne
jo as lid
opjaan by:
T.
T. Osinga
Skilje:
0517-853000
Email:
t.t.osinga@ziggo.nl
Wolle jo mear witte oer de tsjerklike boukeunst yn Fryslân …?
Klik dan op: http://www.aldefrysketsjerken.nl fan Alde Fryske Tsjerken!
Hawwe jo ynteresse yn mear historyske tsjerke ynformaasje?
Klik dan
op
www.vnkonline.nl fan de
Vereniging
Nederlandse
Kerkgeschiedenis